2016-05-20T19:30
2016-05-20T22:00
Literêr muzykprogramma mei Greetje Bijma
Dit is de earste fan in searje eveneminten yn it ramt fan it poëzyprojekt 'Fier dyn frije taal'. Stjêr fan dizze jûn is fokaal keunstnares Greetje Bijma.
Poëzy-evenemint Fier dyn frije taal Freed 20 maaie 2016 organiseart Frysk en Frij in literêre muzykjûn yn it Koepelteater te Ljouwert. Poëten drage yn it ramt fan it poëzy-evenemint Fier dyn frije taal har fersen foar. Dichters fan ferskillende nasjonaliteiten dy’t mei har poëzy yn har eigen taal en tongslach in bydrage leverje oan ’e alsidige kleurigens fan it libben Fryske taallânskip. It tema is: Haadsaak. Dêrneist komt eksperimintalist Reinder R. van der Leest mei spetterjende klankkleuren út syn ludyk proaza, Sigrid Kingma debuteart mei har poëzybondel Reade triedleas en fokaal keunstnares bringt Greetje Bijma nije poëzy fan Janna van der Meer. Bijma wurdt beskôge as ien yn ’e top fan ’e Nederlânse ymprovisearde muzyk. Mei har soepele stim en teaterkwaliteiten makket se furoare op gâns ynternasjonale poadia (www.greetjebijma.nl ). Yn it Koepelteater mei syn bysûndere akoestyk sil dat werklik prachtich útkomme. Multytalint Sigrid Kingma deklameart en musiseart, de dichters Arjan Hut en Elmar Kuiper litte fan har hearre en Joost Noomen besprekt op ludike wize it wurk fan Kingma. De herskreaune spannende romans Komme dy kepers? en Boef fan Rys fan Reinder R. van der Leest wurde presinteard en byldzjend wurk fan him wurdt eksposeard. Wa’t fan keunst en kreative taal hâldt is fan herte wolkom. Yn it skoft binne der fergese Koepelhapkes. It programma begjint om 20.00 oere. Ynrin: 19.30 oere. www.frysk-en-frij.nl www.koepeltheater.nl
Prijs: € 5