Fier dyn frije taal
Stichting Utjouwerij Frysk en Frij organiseart in poëzy-evenemint yn it ramt fan Ljouwert 2018.
Fier dyn frije taal en stjoer in gedicht yn oer it tema: haadsaak. Brûk de wurden dyt’sto wolst! Lit, mei ús de libbene follekleurichheid fan it taallânskip sjen en libje dy út yn in gedicht. Oftsto no Nederlâns, Turks, Frysk, in Frysk dialektyk, Arabys of Ingels brûkst, it makket neat. Brûk de taal dy’tsto wolst. Yn al dy ferskiedenes spilet ien fraach de haadrol: Wat is de haadsaak? Dy fraach is it ûnderwerp fan dyn gedicht. - Do hoechst dy net oan regels te hâlden, by dit eksperimint. - Alle leeftiden kinne ynstjoere. - De trije beste/moaiste/friste/meast frije fersen falle fansels op. - In seleksje sil publiseard wurde yn in dichtbundel. - Do kinst no al begjinne mei yn te stjoeren (op syn meast graach twa). Op 1 maaie 2016 sette wy al gedichten op dizze webside: foar de ynspiraasje! - De finale útkomst wurdt bekend makke by Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.