2016-08-27T20:30
2016-09-24T23:00
Iepenloftspul Jorwert spilet Londen '68
Londen ’68 In striid tusken de seksen It Iepenloftspul Jorwert fan 2016 spilet him ôf yn 1968, yn Londen. Rita O’Grady wurket, lykas in protte minsken út de stêd, yn de autofabriken fan Ford yn de wyk Dagenham. Neist de tûzenen manlike wurknimmers stea
Rita wurdt it gesicht fan de froulju dy’t yn opstân komme om in ein te meitsjen oan dizze brike ferhâlding. Wat folget is in striid dy’t in weareld fan ferskil meitsje sil foar de rjochten fan froulju. Londen ’68, de Jorwerter bewurking fan de film Made in Dagenham, is in humoristyske, eigentiidske teatrale werjefte fan de striid dy’t froulju yn it Londen fan 1968 oangiene. In slach dy’t de wrâld feroare. Yn it spyljen komt nei foaren dat it net inkeld kontroverse is tusken manlike en froulike personaazjes, mar ek tusken de akteurs ûnderinoar. Londen ‘68 is in feelgood-komeedzje mei in dramatysk rântsje, yn in ferrassende spulstyl. Tjerk Kooistra en Ekko de Bakker regissearje Londen ‘68. Spilers binne Skelte Anema, Sjoerd van Beem, Betteke Eerligh, Sjoukje Jager, Thijs Meester, Adriana van der Ploeg-von Bannisseht, Lodewijk Riedhorst, Doete Stenekes, Oane Swart en Wytske Vermeulen. Lokaasje: Notaristún Jorwert Spyldata: 27, 30 augustus, 2, 3, 6, 8 (bedriuwsjûn), 9, 10, 16, 17, 22, 23, 24 septimber Oanfang: 20.30 oere (bedriuwsjûn 20.00 oere) Kaarten: €22,50, te bestellen fia iepenloftspuljorwert.nl of 06-31498946 (op wurkdagen fan 19.00 oant 20.00 oere) Freon wurde: Wurd no Freon (op de webside of fia de kaartferkeaplijn) en krij drekt 10% koarting (€ 2,25 per kaart) Ekstra: Yt foar de foarstelling yn kafee Het Wapen van Baarderadeel. Drekt te bestellen by de entreekaarten, foar €17,50.
Prijs: € 22.50